De Fryske Marren
Harich, Harich, plakje op’t Fryske sân
Harich, Harich, paerel fan Gaesterlân
Te midden fan bosk en heide
Fan blommen en fan greide
’t Is moai, ‘t is wis
’t Is moai, ’t is wis
Dat Harich de paerel is!
Harich , Harich, wy libje meienoar.
Harich, Harich, wy hâlde fan elkoar.
Wy arbeidzje side oan side
wy feestfiere tige bliide
’t Is wier, ’t is wis,
’t Is wier, ’t is wis
Dat’t yn Harich goed wenjen is!
Harichster folksliet op de wize fan "Daisy Bell" fan Harry Dacre.